april 21, 2018
fan Ford Madox Brown*
It wie wer rekke mei myn broer,
krekt foar’t mienskiplik miel,
doe’t hy frjemd reagearre:
’t giet by him fan bakboard oer nei stjoer.
By Petrus giet it hinne wer,
’t is neat of hielendal
as koed er net wurdearje
wat krekt dien waard foar ús allegear.
Ik jou it ta, ’t is net gewoan,
sa foar’t mienskiplik miel,
dat Jezus wosk ús fuotten,
Petrus wegere op hege toan.
Doe’t Jezus him ek wegere,
hy hearde der net by,
gie Petrus oer nei stjoerboard:
hân en holle, ek it hegere.
It rekke my wat Jezus die
en sei: ‘Dus tsjinje jim
elkoar, de minste wêze,
lykas ik jûn by it miel ek wie.’
* Ford Madox Brown (1821-1893)
Skilderij ‘Jezus wasket de fuotten fan Petrus’
april 20, 2018
fan Pieter Anraedt*
Hjir sit ik dan, omdat it moat,
ik jou it ta, foar it portret,
omdat it giet om myn gesicht,
mar sitte doch ik leaver net,
’t is dat it measte bûten bart.
Sjoch nei de fingers fan myn hân,
dy’t wize nei wat bûten is,
want dêrop ha ’k it measte sicht,
wat ik by plusen blommen mis,
de fierte is myn heitelân.
Jawis, de hannel siet yn ’t bloed
fan heit en hjir sit dan de soan
dy’t sjit troch ’t libben, as syn plicht
sjocht hy foarút nei oaremoarn,
in oare plicht ha ’k lykwols hjoed.
En hjir sit ik, omdat it moast
fan him, wol skieden op ’t portret,
mar nachts fernim ik syn gewicht;
hjoed bin ik rjocht en roerleas set,
krekt passend by myn linnenkast.
*Pieter Anraedt (1635-1678)
Skilderij ‘Portret fan in hear’
Skilderij ‘Portret fan in frou’