mei 28, 2018
Hoe lang kin men it rjochtop hâlde?
Faaks wol hûndert jier,
teminsten as de rêch it rêdt
om net te bûgen foar de âlde
dei, it libben sêd.
Mar beart de stoarm troch lette blêden,
hâldt de stam yn ’t spier,
dan kreaket hiel it bonkerak
en is it libben net te rêden,
klinkt ferskuorrend… krak.
Hoe lang sil ’t leuninghout it hâlde?
Wurdt de ferve skier,
dan is ’t in spul fan waar en wyn,
’t giet djipper as mar licht ferkâlden,
’t hâldt fernijing yn.
mei 27, 2018
fan ûnbekend*
Wa ken net de hjitte hûn?
De hotdog, broadsje mei in woarst,
hat op ’e wrâld syn paad wol fûn,
waard yn Amearika in moast.
Moatst ris priuwe, fette hap
út Dútslân, iuwen al bekend,
de hûn in hapke foar de grap,
it bistke rekke deroan wend.
De Dútsers namen ’t hûntsje mei
de weagen oer, as ymmigrant,
it fûn dêr daliks al syn draai,
de fette fretter waard syn klant.
Dorgan** tekene ta spot
in teckel tusken ’t broadsje knypt,
besegele wie doe syn lot,
dêrnei hat elke fretter grypt.
Chestnut*** friet yn ien minút
sân teckels op, in nij rekord,
der kaam dêrnei ek wol wat út,
dy brune brokken eagen goar.
* Spotprint ‘Hotdog’
** Tad Dorgan syn spotprint út 1906
*** Joey Chestnut iet yn 2013
yn tsien minuten 69 hotdogs op