juni 5, 2018
It Heidenskip jout oan de kleur
in tintsje nostalgy,
wjerspegeling fan it ferline,
doe’t de mêst fan ’t lege skip
de toer bekonkurearre…
wolkom, minsken, op ’e reuny.
Brek út ’e digitale sleur
en moetsje dy-en-dy,
it jonge folk út it ferline,
doe’t wjerspegele de feart
it turfskip, heech wurdearre…
waarm is ’t wolkom op ’e reuny.
Kom nei de muzikale fleur,
dy’t klinkt yn harmony
mei al it praat oer it ferline,
dat gjin mikrofoan hjoed keart,
de smartphone leit op stjerren
yn de rûnte fan de reuny.
juni 4, 2018
It kin, sels middenyn de winter
brekt it rûzjen fan de see
ek troch yn Snits;
dêr stean ik as Jan Splinter
op lekke skuon, mei tichte noas
dy’t mar net rinne wol…
ynienen komt de flits.
De wjerljocht bringt my op Bonaire,
lang al ’t favorite stee
om op te gean
yn sfearen fan tegearre
djip dûke mei in tichte noas,
oars rint dy samar fol…
wêrom bliuw ik noch stean?
Jan Splinter leaut net yn it wûnder
fan in tas dy’t fleane kin
as yn in flits;
al is dy tas bysûnder,
mei ’t rûzjen fan de see hiel oars
as ien dy’t foller wol…
dus bliuw ik mar yn Snits.