juni 9, 2018
fan Rembrandt*
Foar neat ha ik my skamme,
wêrom soe ’k dat ek,
ik moast de tiid trochkomme
en dan is neat te gek,
mar sjoch… hjir hingje ik, ferjamme!
Wy hingje mei ús trijen
om hjoed dea te gean,
hjirnêst giet troch foar fromme,
ik ha ’t op him net stean…
dy Kristus soe de wrâld befrije.
‘Binne jo de Kristus net?
Rêd josels en ús derby,
oars is it aanst te let!’
Ferrek, wat seit dy fierste,
dat ’k om God net jou
en dizze straf fertsjinje?
Dy gek hat grif berou,
wol krije wat er niis noch miste.
* Rembrandt (1606-1669)
Ets ‘Jezus krusige tusken twa misdiedigers’
juni 8, 2018
fan ûnbekend*
De froulju sûnder rjochterboarst,
yn plak dêrfan de pilebôge,
gongen streekrjocht nei de striid,
se waarden as in hynst,
sa sterk beskôge.
Gjin frou hie noch in soan oan ’t boarst,
dy waard ta slaaf of moast ier stjerre,
mar in dochter kriich de tiid
om foar de winst te gean,
sy waard wurdearre.
It hynder jage lykas ’t moast,
de amasône hie de skonken
sletten oan deselde kant
en jage as in earn,
wylst gjalpen klonken.
Troch har is Artemis ferrast:
in hillichdom foar dy goadinne,
want dy stie oan frouljus kant,
de timpel wie in fynst
om from te winnen.
* Ofbylding yn stien
‘Griken yn gefjocht mei Amasônes’