juni 21, 2018
fan Kapiton Aleksejevitsj Zelentsov*
fan Woutherus Mol**
Hy lêst út leafde foar klassyk,
dêrneffens is ’t ynterieur
mei in fjouwertal pilaren,
passend by de kleare kleur
rûnom, dat alles eaget ryk.
Mar freegje him net nei syn frou,
har geast hat hjir wol faker ware.
De bylden sjogge op him del,
mar tagelyk ek by him op,
út wurdearring foar syn streken,
dy’t him bringe nei de top…
soms wurket hy al op bestel.
Dus freegje him mar nei syn faam,
foar har is syn talint in teken.
* Kapiton Aleksejevitsj Zelentsov (1790-1845)
Skilderij ‘Ynterieur’
** Woutherus Mol (1785-1857)
Skilderij ‘De jonge tekener’
juni 20, 2018
fan Michelangelo*
Hoe kin in mem it leed ferdrage
dat de soan hjoed oandien wurdt,
ûnskuldich oan wat misdie ek?
Ik woe him net allinnich litte…
’t giet troch my hinne as in swurd.
In mem hat skouders om te dragen,
mar dit krús is my te swier,
syn lijen dat de geast trochstekt;
Jehannes lit my net allinnich…
’t giet troch my hinne, stjerrend wier.
Hoe kom ik troch de drege dagen
oars as dat hy is myn soan,
in glim dy’t troch it tsjuster brekt;
ik sil him net allinnich litte…
kin ik as mem de dagen oan?
* Michelangelo (1475-1564)
Skilderij ‘Krusiging mei Marije en Jehannes’