mei 27, 2018
fan ûnbekend*
Wa ken net de hjitte hûn?
De hotdog, broadsje mei in woarst,
hat op ’e wrâld syn paad wol fûn,
waard yn Amearika in moast.
Moatst ris priuwe, fette hap
út Dútslân, iuwen al bekend,
de hûn in hapke foar de grap,
it bistke rekke deroan wend.
De Dútsers namen ’t hûntsje mei
de weagen oer, as ymmigrant,
it fûn dêr daliks al syn draai,
de fette fretter waard syn klant.
Dorgan** tekene ta spot
in teckel tusken ’t broadsje knypt,
besegele wie doe syn lot,
dêrnei hat elke fretter grypt.
Chestnut*** friet yn ien minút
sân teckels op, in nij rekord,
der kaam dêrnei ek wol wat út,
dy brune brokken eagen goar.
* Spotprint ‘Hotdog’
** Tad Dorgan syn spotprint út 1906
*** Joey Chestnut iet yn 2013
yn tsien minuten 69 hotdogs op
mei 26, 2018
fan ûnbekend*
Op ’t ferkearde plak
wie ik, net op ’e goede tiid
kinst ek wol sizze,
dêrom waard ik pakt
út withoefolle folk…
ik moast it risse.
Trije wiene it,
allinnich koe ’k de balken sjen,
ien dy’t doe sakke,
folge troch in wurd,
it hie wat fan in flok…
ik moast it pakke.
’k Ha ’t wol oan de lea,
dat hat miskien de reden west,
wa sil it sizze?
’k Libbe, hy moast dea,
doch glimke hy nei my…
it koe net misse.
* Yllustraasje ‘Jezus en Simon út Cyrene’