juli 1, 2018
fan ûnbekend*
De fraach is: hat de frou gjin stim
om libbenswiis te praten,
folget sy allinnich him
dy’t gearspant mei syn maten?
Yn Londen folge sy har aard
fan stride foar har rjochten,
want lykweardich is it paad
dêr’t froulju lang om sochten.
Mear stimmen as in heal miljoen,
sa lûd klonk de petysje,
’t waard de froulju net ferjûn,
’t geweld kaam fan de plysje…
… doe’t froulju stoarmen nei it hûs
dêr’t redendielden hearen
oer steatssaken by de rûs
en hoe de frou te kearen.
It antwurd wie: de finzenis
is better as in boete,
froulju wurde dêrmei wis
fan hoe de hear te moetsjen.
* Foto ‘Demonstraasje suffragettes’
juni 30, 2018
fan Peter Paul Rubens*
My sit de skrik noch yn de skonken
nei de ûnderfining by it grêf
fan wa’t se oan it krús slein ha,
’t is wrachtich wier,
gjinien fan ús wie dronken.
As wachter moatst wol wekker bliuwe,
want it risiko wie libbensgrut
dat kunde ’t lyk weinimme soe,
dus wy yn ’t spier…
net sliepe, ek net priuwe.
Sa’t ik al sei, wat bin ik skrokken
fan it ljocht en ’t skodzjen fan de grûn,
ien fan myn maten lei foar dea,
’t is wrachtich wier,
ien flokte ûnder ’t skokken.
Mar net mear by de hege hearen:
elk soe lige foar in grou stik jild
dat kunde ’t lyk weinommen hie,
’t gie my te fier,
mar koe ’k de leagen keare?
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘De ferrizenis fan Kristus’