Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Ik bin soldaat

Bibelbylden

fan Gustave Doré*

Wat moast ik oars… ik bin soldaat
en doch myn wurk op elk befel,
sa bliuwt de keizer oan de macht
en myn soldij de bêste maat.

Noch hear ik lûd de hammer slaan,
hy joech dêrby gjin inkeld lûd,
myn maat sloech dêrop amper acht
en woe in lêste klap noch jaan.

Wat moast ik oars… ik die mar mei
doe’t lotte waard om ’t boppekleed,
wy holden sa ek wol de wacht…
’t is wier, it wie hjoed net myn dei.

Noch hein ik op syn hease rop,
in sucht om wetter, hy hie toarst,
myn maat sloech op syn fraach gjin acht,
ik rikte, mar hy sûgde neat mear op.

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘De krusiging’

admin

Alkibiades

Mytebylden

fan ûnbekend*



Wurdt in jonkje grutbrocht
sûnder dat er dêrfan leart,
dan giet it letter grif ferkeard,
mar dêr is net oer neitocht.

’t Jonkje waard gau grutter
mei in sterke lea en geast
en wie  yn alles ’t leafste earst,
fan reedner oant tûk skutter.

Sprekken koe hy leare
fan syn master Sokrates,
mar gjin fertuten hie dy les
doe’t hy ek learde bearen.

Tsjin syn frou mar raze,
skuorre oan har skoander hier,
de sturt derôf fan ’t earme dier,
de wreedste fan de bazen.

Ut Atene farre,
want der drige in proses,
fergetten wie doe Sokrates,
mar Sparta hat him sparre.

Faak noch hat er fochten,
mar net foar deselde stêd,
yntriges makken striders sêd,
in moard hat him berjochte.

* Buste fan Alkibiades

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum