juli 15, 2018
Hy wie gjin Afrikaan,
mar hat in eigen stimpel set
op paskes fol diskriminaasje;
fûl fulminearjend tsjin de wet
joech hy de rjochtsgong faasje.
Hy wie fan heech komôf
yn Yndia, mar yn de wrâld
brocht hy lykweardigens nei foaren;
geweldleas focht er foar ’t behâld
fan eigen folk én oaren.
Syn kleur wie oars as yn
Súd-Afrika joech oan de wet;
hoewol’t er heechhold rjocht en graasje,
waard Gandhi út ’e stoomtrein set…
in wolk fan argewaasje.
Syn stim spriek fan ferset
tsjin fingerôfdruk op ’e kaart,
foar Yndiërs dé registraasje;
sy hiene by syn hâlding baat,
in foarm fan demonstraasje.
* Foto ‘Mahatma Gandhi’
** Stânbyld ‘Mahatma Gandhi’
yn Jehannesburch
juli 14, 2018
fan Caravaggio*
De holle waard my read fan skamte,
wis, ik jou it earlik ta,
’k moast oeral altyd wis fan wêze,
sis mar it bewiis fan ha…
hjoed hat myn hân de tekens lêzen.
Myn maten woe ik earst net leauwe:
wa komt libben út ’e dea?
Se woene ha dat Jezus libbe,
mar ik frege oan syn lea
’t bewiis yn hân en tusken ribben.
Ynienen stie er yn ’t fermidden,
dat ik skrok my, seit men, dea,
’k moast fingers yn de groeden stekke,
kriich ’t bewiis as libben brea…
ik sjoch him dat by ’t miel noch brekken.
* Caravaggio (1571-1610)
Skilderij ‘De ûnleauwigens fan Tomas’