Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Swarte iisfûgels

Keunst

fan Emile Claus*



De himel kleuret as by jûn,
mar ’t is noch winterdei,
de tint fan ’t fûgeltsje fan ’t iis
hat oan it lânskip skientme jûn,
mar kleuren kinne net ferfange
it flitsen en de fangst dêrnei.

Gjin tûke hinget oer it iis,
te dik en ek te hurd
om mei de snaffel troch te slaan,
it is foar ’t fûgeltsje in griis,
it hat nei waarmer oarden lange
en leit no stiif fan kop oant sturt.

Op tinten komt bewegend swart
mei sliden foar de gong,
de jonge fûgels fan it iis;
se ha har op ’e snie al ward
en sille mei bloedreade wangen
de poel op, wylst it iisbist sjongt.

* Emile Claus (1847-1924)
Skilderij ‘De iisfûgels’

admin

Rêste by Joazef fan Arimatéa

Bibelbylden

fan ûnbekend*



Hoe soe ik dizze dei ferjitte
kinne fan it libben en de dea
oan ’t krús, mar ek dêrnei…
men koe it lyk net lizze litte.

Ik ha noch pleite foar syn libben,
mar ik stie allinnich yn de Rie
en gie der net yn mei
dat sy syn krusiging neistribben.

Gjinien koe doe syn libben rêde,
nei de ein ha ’k by Pilatus west
mei ’t útstel fan in grêf,
’k jou ta, it gie mei swiere trêden.

Ik moast der mar mei rêde, liet er
witte, gjin gedoente mei de rest,
sa kaam it op my oer,
yn folkstaal: gjin gesoademiter.

In grêf jaan wie it alderlêste
wat ik dwaan koe foar de Hear, dy’t stoar
ûnskuldich oan it krús,
no kin syn lichem by my rêste.

* Byld ‘Joazef fan Arimatéa’ (sirka 1520)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum