juli 20, 2018
fan Sandro Botticelli*
Folwoeksen waard se berne
op ’e weagen út it wite skom
en droegen op in skulp nei ’t strân,
har skientme soe gjin god ûntkenne.
Har fuotstap liet de blommen
bloeie op ’en paad nei ’t hillichdom
Olympus, streakjend wie har hân,
oan leafde koe gjin god ûntkomme.
Sy wie ien fan de tolve,
spile ’t leafdesspul mei folle mear
en waard de mem fan mannich bern,
wa wit, miskien wol mear as alve.
Eros wie it jongste soantsje,
mei syn bôge skeat er kear op kear
en rekke ’t hert, sa’t leafde kin,
dat mem hie niget oan har mantsje.
* Sandro Botticelli (1445-1510)
Skilderij ‘De berte fan Aphrodite’
juli 19, 2018
fan James Ensor*
Sa, ja… dit bin ik,
nee, ’t is gjin selsportret,
ik sit hjir, bin ek op it doek,
ha fierder gjin ferlet
fan kommentaar.
’k Meitsje my net dik
oer wat it folk wol seit
of wat is yn de keunst gebrûk-
lik, hoe’t it fierder leit?
Gjin kommentaar!
’t Giet my om de kick,
’t idee en bin ik klear,
dan stiet myn wêzen op it doek…
wat fierder? Om de ear?
Gjin kommentaar!
* James Ensor (1860-1949)
Skilderij ‘Ensor foar syn skildersezel’