Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Nei abstrakt

Skiednisbylden

fan Constantin Brancusi*



Op knibbels mei de holle del,
de ienfâld strielet út dit stal,
wat is yn sa’n gebed bekend,
gjin minske spilet dan in rol
by ’t grêf, sjedêr dit monumint.

Brancusi** fielde oan de tiid
fan spanning yn de minskewrâld,
de takomst wie noch ûnbekend,
de ienfâld krong út mannichfâld,
mar oan abstrakt wie men net wend.

Lit dan ’t gebed de oanstjit jaan,
it stille wurd, dat men net sjocht,
oan Him, abstrakt, net yn de trend
fan wat de wrâld oant no ta brocht,
de ienfâld fan dit monumint.

* Constantin Brancusi (1876-1957)
Byld ‘It gebed’

** De Roemeenske byldhouwer
Constantin Brancusi

admin

Djippe yndruk op Jehannes

Bibelbylden

fan Frans Hals*



Dit evangeelje ha ik skreaun,
om’t Jezus yndruk makke hat
op my as syn apostel;
it fielde ûnder ’t skriuwen krekt
as wie de Hear op ierde bleaun
en wurden út myn geast ferloste.

Ik hear syn wurd noch by de mar
dat ’k bliuwe soe oant hy wer kaam,
no bin ik al op jierren;
gjin minske wit hoe’t dat krekt giet,
ik ha de tiden net foar kar,
it wurdt ús ienkear iepenbierre.

It barde yn deselde tiid
dat Jezus spriek syn lêste wurd:
‘Jim binne no apostels.’
Hy stjoerde ús de ierde oer
om ’t folk te dopen wiid en siid,
dat elk waard troch syn geast ferloste.

Troch Jezus’ geast bin ik ek dreaun
by ’t skriuwen fan in djipgeand boek
foar hjoed en nije tiden;
út Jezus’ libben is ’t in kar,
want lang net alles is beskreaun,
de djipte makket my beskieden.

* Frans Hals (sirka 1582-1666)
Skilderij ‘De evangelist Jehannes’  

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum