Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Ropping fan Mattias

Bibelbylden

fan ûnbekend*



Net dat ik soks ferwachte hie,
’k bedoel om Judas op te folgjen,
mar it lot foel hjoed op my,
in ropping, sa’t ik dat ferstie.

’t Wie Petrus dy’t de lieding hie,
hy liet him út oer ’t lot fan Judas,
dy’t foaroer foel, bluodrich ein,
op eigen ikker nei syn die.

Mei hûnderttweintich wiene wy
der, alle learlingen fan Jezus,
alles wie dêrmei wol sein,
it die ús allegearre nij…

… wat fierder oan de oarder kaam:
in nije tolfde sa die bliken,
’t lot foel net op Joazef, hy
hat my ’t grif net kwea-ôf naam.

It komt no oan op wurd en die,
dy beide moatte altyd strike.

* Ikoan ‘Mattias’

admin

Tusken drippen troch

Skûtsjesilen 2018

It dizet tusken drippen troch,
’t publyk by Ealahuzen op ’e dyk
hat ier in gaadlik plak besetten,
sadat gjin omslach ’t each ûntgiet,
want kreaket gaffel, mêst of gyk,
dan wurdt it finishskot net sketten.

Mar foar de finish komt de start,
dy’t om it driigjend swurk lang útsteld wurdt;
it wachtsjend folk lit him net kenne,
sjocht tusken drippen troch nei ’t wiet,
dat skomjend weaget sûnder swurd
of roer, hiel oars as by Terherne.

Dan klinkt in skot en giet it oan,
de skûtsjes litte har op ’t wetter sjen,
it folk draait tagelyk de hollen
fan seil nei seil, hoe’t dat krekt stiet,
want sûnder reef is ’t skip ferlern,
in fûle twirre is tefolle.

De skûtsjes brûze út ’e start
wei, bak of stjoer, it giet der rûch om wei,
It Fean en Huzum litte witte
dat H en LM sjonge ’t liet
fan ‘Mei dit waar is ’t krekt ús dei,
dus litte wy gjin twirre sjitte!’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum