Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Eleminten by Wâldsein

Skûtsjesilen 2018

Hast like heech as ’t Hearrenfean
hat ‘Earste Help’ it seiltsje hise
mei it each op driigjend ûngemak
fanwege ’t donkerblauwe swurk,
noch stiet it wâlpublyk yn tinne klean.

De loft set ticht, de bliksem flitst,
de tonger rôlet oer de weagen,
twirren jeie yn it romme rak
de skûtsjes op, it swiere wurk
komt oan de wyn, der klinkt: ‘Dit is ’t!’

Dit is sa’t Fryslân ’t hawwe wol:
de skûtsjes mei de eleminten
stridend tsjininoar om ’t earste plak;
de liuw rint hurd, de earn* fjlocht mei,
dy faasje hâldt gjin oare fol.

De ‘Earste Help’ helpt hjoed gjinien,
jout oan ’t publyk allinnich hinten:
reinpak oan en papraplu as dak.

* Earnewâld

admin

Port Royal de see yn

Skiednisbylden

fan Jan Luyken*

De ierde skodde foar de twadde kear**
en fage Port Royal yn see
by resten fan de earste beving,
fan keninklik wie doe gjin sprake mear,
Jamaica koe de stêd net keare.

Twa iuwen earder wie de earste kear***
dat skokken Port Royal de see
yn dreauwen op wiet sân dat floeide,
twatûzen rekken doe foargoed yn ’t near,
Jamaica koe de dea net keare.

Foar dûmny Cotton Mather wie it klear,
gjinien koe ’t misse yn syn preek:
‘God sprekt ta minsken hjir op ierde!’
Fan empaty wie doe gjin sprake mear,
Jamaica koe Gods wurd net keare.

* Jan Luyken (1649-1712)
Yllustraasje ‘Ierdbeving op Jamaica,
ûndergong fan de stêd Port Royal’

** Yn 1907
*** Yn 1692

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum