Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Tsjinstelde ûnderfinings

Lyrysk Deiboek

It hat te krijen mei de line
fan de tiid, dy hâldt gjin skoft,
mar streamt mei faasje troch:
kom mei om noch mear út te finen.

Gjin stompe kop, mar lit it streame
by de linen lâns, de feart
deryn mei amper sok:
stap op it skip fan nije dreamen.

Dan kin men nei de foargrûn farre;
sa’t de ûnderfining leart,
hat krêft it measte lok,
sjedêr, it mei de kop net barre.

It hat te krijen mei ’t ferline
sa’t de mêst stekt yn de loft
fan skippen, silend noch
troch lju dy’t wynkrêft winsklik fine.

admin

Liet fan Fertsjinste

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Se leit no sels op bêd
en hat gjin krêften mear
om neisten help te bieden,
heart noch har rappe trêd,
is nea mei earder klear,
kin fan har folk net skiede.

Hoewol’t se neat mear sjocht,
krijt sy it unifoarm
foar eagen yn de jierren
fan skot nei skot, ’t gefjocht
dat útrûn op in stoarm,
dy’t bystân iepenbierre.

Sy stie se rêstich by,
ferwûnen út ’e striid,
en bleau om oan te hearren,
wat die har faakris nij:
de geast sa djip en wiid
foardat soldaten stjerre.

Se wit, har eigen tiid
rint stadich nei de ein;
de Oarder fan Fertsjinste
klinkt as har eigen liet,
dêrmei is alles sein…
sy stie ek by de minsten.

* Yllustraasje ‘Florence Nightingale’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum