Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Arachne

Mytebylden

fan Jacopo Tintoretto*

Kin de dochter fan in poarperwever
oars as weevje lykas heit?
Ut triedden wei ûntstiet in kleed,
dat wat fan it karakter seit.

Moast Arachne nei it heechste stribje
troch goadinnen nei te dwaan?
Athena brocht har oan de weet
om har as minske del te jaan.

Mar Arachne keas mei har te striden:
wa koe weevje ’t moaiste kleed?
Sy bylde Zeus beskamsum út,
hy pakte froulju oeral beet.

’t Skeat Athena yn ’t ferkearde kielsgat,
heechmoed kaam út trie nei trie;
Arachnes kleed waard ta beslút
ferskuord, de spoel sloech dat it die.

As de dochter fan in poarperwever
heger wevet as it kin,
dan dôvet se it libben út
en transformearret yn in spin.

* Jacopo Tintoretto (1518-1594)
Skilderij ‘Athena en Arachne’

admin

Status by kearsljocht

Keunst

fan Gerard Dou*


De master wit de bern te lûken
fan justjes mear as leech komôf,
hy lokket har as finkjes yn de kou
of foarntsjes yn de fûke.

De jûn jout status oan syn tonge,
de kearsen brâne ’t wurd deryn,
de eachjes fan de finkjes reitsje blyn,
sadat se faker sjonge.

De foarntsjes wurde ryklik fuorre,
sadat de fûke har net deart,
sy swimme lykas yn in brede feart,
’t hat oardeloere duorre.

Doe dôven kearsen masters lessen,
hy liet de finkjes út ’e kou,
de foarntsjes slaggen troch it fûketou…
hy rekke oan de flesse.

* Gerard Dou (1613-1675)
Skilderij ‘De jûnsskoalle’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum