augustus 26, 2018
fan ûnbekend*
Kening Karel mei in Dútsk postuer
en mear as trettjin nammen
waard de foarst fan Portugal,
syn dieden wiene soms ûnhuer,
mar dêr hat hy him nea foar skamme.
Under wetter die er ûndersyk,
as wiere seeferkenner
spile hy in helderol,
socht bûten ’t houlik syn ûntwyk,
wie diktatoriaal, in menner.
Sosjalist en ek republikein
ha kening Karel hate,
wat ûntflamme ta in skot,
it waard foar heit en soan de ein,
de moardners ha ek nea mear praten.
* Skilderij ‘Kening Karel I’
augustus 25, 2018
fan ûnbekend*
Doe’t Petrus spriek, wie ik derby,
ien fan de withoefolle
dy’t nei him harken op it plein,
dêr’t hy it boadskip brocht mei fjoer
en ’t lûd fan wyn, foar my wie ’t nij,
dus wêrom dan net djipper dolle?
Ik waard ek doopt en gie mei har
dy’t Petrus langer koene,
de minsken heinden my doe op;
elk joech syn eigendommen oer
en makken sa foargoed de kar
foar Jezus, wat wy logysk fûnen.
Wy diele mei elkoar it brea
en jouwe oan de minsken
wêr’t sy wiswier ferlet fan ha;
de timpel jout ús libben stjoer,
grif heart de Heare nei ús bea…
ha wy as mienskip dan noch winsken?
* Sarkofaach ‘Mienskiplik miel fan de earste kristenen’