Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Nederlaach foar Kajafas

Bibelbylden

fan James Tissot*

Al wer rebûlje yn Jeruzalem,
wy kinne it net keare
dat de namme fan dy Jezus klinkt;
ik, Kajafas, beskôgje him
as ien dy’t gjin betsjutting hat,
mar wêrom wurdt er dan fereare?

Twa folgelingen ha mei snoade stim
him no ta libben roppen
troch in lamme wer de loop te jaan;
it like op it each wol slim
om mei ús oan te gean ’t debat,
wy stiene dêr lykwols fier boppe.

Dêrom ha ik de opdracht jûn har fêst
te setten, dat sy sûnder
’t folk gjin kâns mear krigen kwea te dwaan,
mar myn kollega’s tochten lêst
te krijen troch dat rinnend wûnder.

It rûn dochs út op in debat mei har,
sy wiene net te kearen;
hoe bedriigjend ús ferbod ek klonk,
sy rekken dêr net yn de war
troch, woene oer har Heare beare.

* James Tissot (1836-1902)
Skilderij ‘Kajafas en Annas’

 

admin

Archimedes

Mytebylden

fan ûnbekend*


Faak seach syn heit as astronoom
nei ’t firmamint, dêr’t elke stjer
syn rûnte draait,
mar Archimedes skôge klear
hoe wis it hjir op ierde leit.

Wiskunde en dy fan natuer
ferdjippe hy him yngeand yn,
dat wie in feit;
Eureka wie de rop fan klear:
de hoanne dy’t fiktoarje kraait.

Untwerpe die er foar syn stêd:
in slingertastel yn de striid
tsjin de Romein;
syn brânglês skeat lykas in spear
de float yn flam, in fonkerein.

Mar Rome hat fiktoarje kraaid
en makke Archimedes’ wurk
doe yn de war;
it swurd brocht yn ’t bestean in kear,
’t wie foar de fijân sels te bar.

* Yllustraasje ‘Archimedes yn tinzen’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum