september 8, 2018
fan Rafaël*
De opdracht weage swier foar ús,
wy hawwe twa útdroegen,
Ananias en Safira,
man en frou, sy kamen nea wer thús.
Sy hiene juster grûn ferkocht
en woene jild oerdrage,
alles wat se krigen hiene,
sa’t se beide seine, om ’e nocht…
… want Petrus hie de leagen troch,
de Geast waard sa bedragen,
net allinnich de gemeente,
sa’t er sei, ik hear syn oardiel noch.
Ik stie derby dy earste kear
doe’t Ananias weiwaard,
elkenien wie út ’e liken,
want dêr lei er, hie gjin siken mear.
De twadde kear seach ik noch krekt
it fallen fan Safira;
swier wie ’t om har út te dragen,
it is dan krekt as der wat brekt.
* Rafaël (1484-1520)
Skilderij ‘De dea fan Ananias’
september 7, 2018
fan ûnbekend*
As soan fan Zeus liet hy him jilde:
striidber, stribjend nei gesach en rom,
sjedêr de god fan oarloch, Ares,
mei syn toarst nei minskebloed…
syn slach ferrûn faak krom.
Hy keas de kant fan de Trojanen,
wylst Athena hold it mei de Gryk,
in goadestriid yn de famylje;
Ares kaam yn harsensnoed,
mar waard noch krekt gjin lyk.
De oarlochsgod koe wol ferliede:
Aphrodite loek er op syn bêd,
wat striid oprôp mei har Hephaistos,
smid mei izer yn it fjoer,
hy fong it pear yn ’t net.
Hephaistos nûge alle goaden
út om nei it bleate pear te sjen,
wat útrûn op homearysk laitsjen;
Ares’ leafdesstriid wie oer…
hy hie de slach ferlern.
* Byld ‘Oarlochsgod Ares’