september 10, 2018
De striders lizze wer teplak,
hjoed wiene dat de amateurs
dy’t troch de weagen skommen,
net foar fol, ’t is net har fak,
soms waard de skoat wat romme.
It liket op in twadde striid:
de mêst yn om lykas in aap
wat keunstkes sjen te litten,
sa’t soks út ferfeling giet…
’t soe wat komplekser sitte.
It Jouster skûtsje kaam werom
mei averij, ferlear de top,
wat mei de wyn te krijen
hie, net mei ‘wat wie dat stom’,
in twirre brocht it lijen.
Dus lit ús efkes boppe sjen,
nee, net as in professional,
wol ‘hoe is dit eins kommen’,
dus nijgjirrich as in bern…
it kin ús wol wat bomme.
september 9, 2018
fan ûnbekend*
Foarst Ferdinand waard klear gewaar
’t ferfal fan ’t Ottomaanske ryk
en rôp foar Bulgarije frijheid út,
himsels ta dekorearre tsaar…
de Rus beskôge him as bút.
Hy wie net Russysk-Ortodoks,
gie earder troch foar katolyk,
dus waard soan Boris yn dat leauwe doopt;
syn heit wie slûchslim as in foks…
de Rus hie dêrom noch wol hoop.
De doop fan Boris hie gjin doel
en moast yn heit syn fisy oer,
want Russysk-Ortodoks joech mear gewin,
ferhâldings wiene net mear koel…
de Rus joech Ferdinand syn sin.
In oarloch yn de hiele wrâld
rûn foar de tsaar net sinfol ôf,
hy waard ferslein lykas it Dútske ryk,
ferhâldings wiene winterkâld…
it lân waard doe in republyk.
* Foto ‘Ferdinand I’