september 20, 2018
fan Albert Edelfelt*
Hy hie it op ’e jierdei krigen,
’t skipke, makke troch de heit,
de boarden as de grutte boat
en ’t roer yn bûgde foarm,
gjinien wist noch wat drige.
It skipke hearde op it wetter,
mar… ‘net as it reint en waait…
en de rivier is breed en streamt’,
wist hy, dus oan de kant
koe ’t wol, it foer dêr better.
Syn broer sit yn de heechste klasse,
hat fan syn heit in eigen skip,
al fan de grutte roeiboat dreamd,
mar sloech te let alarm…
soe hy op ’t broerke passe?
De roeiboat hat deselde boarden
as de skipkes fan de bern,
ek ’t kistke hat wat fan de boat,
de rêgen binne spand
op koers nei ’t neare noarden.
* Albert Edelfelt (1854-1905)
Skilderij ‘Oerstek fan de kiste
mei it deade bern’
september 19, 2018
fan ûnbekend*
Is it net bysûnder:
op my foel ek de kar,
ik, Nikolaos, oer de grins,
bekeard ta ’t Joadendom
en noch mar krekt fan Kristus,
foar my is ’t as in wûnder.
It is begûn mei in ferskil:
spul tusken Griken en Armenen
oer it dielen fan it deistich brea;
de drokte, want dêr gie it om,
der moast ferlichting komme
troch sân diakens neffens Petrus’ wil.
Elkenien mocht kieze:
wa’t fol wie fan de Geast
koe ’t wurde, ek ien oer de grins;
it gie my net om rom,
mar om it wurk foar Kristus…
hie ik wat te ferliezen?
Yllustraasje ‘De sân diakens’