september 22, 2018
fan Juan de Juanes*
Wy komme út in oare naasje,
mar as Joaden fiele wy ús thus
by Mozes’ Wet,
dy lear is likegoed foar ús.
Ik ha in romme ûnderfining,
wit dus hoe’t it yn it libben rint,
want elke trêd
is ûnderweis my wol bekend.
Wy ûnderfûnen argewaasje
fan in fint dy’t hold in hiele preek
tsjin Mozes’ Wet
en dat noch wol as sljochte leek.
Hy soarge mei syn praat foar dining,
dat wy sleepten ’t mantsje foar de Rie,
hy hie’t net ret
dat hy dêr foar de wetslju stie.
Sa kaam it op my oer teminsten,
want ik praat út ûnderfining wei
en út ’e Wet…
mar wat dy Stefanus dêr sei?
* Juan Juanes (1523-1579)
Skilderij ‘Stefanus foar de Hege Rie’
september 21, 2018
fan John William Waterhouse*
Bekend wie sy mei ’t labyrint
op Kreta, dêr’t heit Minos hearske,
ek it plak fan Minotaurus…
Ariadne joech de hint.
Koe ien it meunster wol ferslaan,
dat hie it stal fan bolleminske?
Elk wie bang foar Minotaurus…
Ariadne soe it jaan.
Theseus foer as keningssoan
nei Kreta, woe mei ’t meunster stride,
foar ’t gefjocht mei Minotaurus
seach er Ariadne oan.
Sy joech de prins in lange trie
foar ’t labyrint, wie ek fereale,
doe fersloech er Minotaurus,
fûn de útwei nei syn die.
Tegearre giene sy op reis
en kamen oan op ’t eilân Naxos;
wylst de leave faam dêr sliepte,
wie de feint wer ûnderweis.
Dionysos fûn har op it strân
en waard as dronkenman fereale;
as de wyngod woe hy ’t fiere,
fierde har nei’t goadelân.
* John William Waterhouse (1849-1917)
Skilderij ‘Ariadne’