Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Fryske clochard

Lyrysk Deiboek

De brêge socht er faak as ûnderdak,
omdat er dêr beskûle lei,
gjin rein en heil koe him berikke,
mar Parys waard him te drok
en stjonkte… om te stikken.

Hy naam in slok en kaam op ’t lêst teplak
yn ’t hege noarden, dêr’t er lei
op wetter dat him stadich widze
yn de sliep en yn in flok
en sucht koe hy it risse…

… it frije libben sûnder kak
en alle lûden fan Parys:
clochard yn Fryslân, yntegrearre
troch de bearenburch, sa’n slok
wurdt op ’e mar wurdearre.

admin

Profeet Herbert George Wells

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Hy liet him jilde as profeet
mei boeken dy’t de iuw beskreaune
fan alderheislikst fûle striid,
sa kaam de wrâld de takomst oan de weet,
gjin wapens dy’t ferburgen bleaune.

It witten siet al yn it brein
as jonkje, want hy woe ferkenne
fan eigen nei de nije tiid,
sa waard de basis foar de takomst lein,
de wrâld moast oan syn wapens wenne.

De oarloch fan de wrâlden waard
ferklearre troch de Martianen,
tentakel-wêzentsjes fan Mars,
se strielen ’t Britske leger fan de kaart
oant ierdske wêzentsjes*** opkamen.

Doe kaam de oarloch yn de loft
mei fleanmasines om te sjitten
op wat op ’t grûnflak stikken moast;
atoomfoarsizzings duorren noch in skoft,
mar Wells syn brein hat dêrfan witten.

* Foto ‘Herbert George Wells’
** Boekomslach ‘Oarloch yn de loft’

*** Baktearjes en mikroben

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum