oktober 7, 2018
fan ûnbekend*
fan Maurice Prendergast**
Hy hearde by de ploech fan ‘Acht’,
yn stêd en lân bekend
as griemers mei wat kleuren,
mar Maurice waard dissidint…
de keunstner naam himsels yn acht.
Newfoundland wie syn berteplak,
in eilân as symboal
fan ’t eigen ienlik libben,
net in frou waard syn idoal,
as skilder kaam er ûnderdak.
Persoanlik wie syn skilderstyl
mei kleuren as fluwiel
en foarmen yn patroanen,
dêryn lei er hiel syn siel,
de bûtenkant wie mar in skyl.
Maurice hie oer himsels de macht,
wie nea in ûnderdiel
en mear as ien fan ‘Acht’.
* Foto ‘Maurice Prendergast’
** Skilderij ‘In dei op it plattelân’
oktober 6, 2018
fan Rembrandt*
Hoe soe it tafal wêze
dat ik in kenner moete ha
op reis nei Etiopië
nei’t ik yn Sion bidden hie…
’k wie yn Jesaja oan it lêzen.
It soe wol oan my lizze
as ien dy’t eins gjin man mear is,
in baan as skatbewarder hat,
jout oan de keninginne rie,
dat ’k tocht: soe hy my wol wat sizze?
Ynienen seach ’k him rinnen,
gjin tafal yn dat deadske gea
dat hy dêr as de kenner wie
dy’t antwurd op myn fragen hie,
want hoe soe ik Jesaja kenne?
Jesaja joech my hope,
want Jezus wie dat stille laam
dat alle minsken rêden hat,
omdat it nei de slachtbank gie…
ik liet my troch Filippus dope.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘De doop fan de eunuch’