Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Model-spionnen

Keunst

fan Samuel Jakolevitsj Adlivankin*



Se stean model foar elk gelyk
yn ’t blau, de eachopslach omheech;
de takomst fan de Sovjet-Uny
tsjinnet wrâldwiid fan replyk…

… de jeugd dy’t noch net bouwe kin
modellen foar in nije tiid:
de ienheid ûnder stielen wjukken,
wat oan ’t fleanen is te sjen.

Se draaie de propellers rûn,
want rûnom flammet op de striid
om yn it westen troch te drukken,
Stalin hat it sein al jûn.

Mei beide fuotten op ’t beton
en ’t each op hoe’t it fierder giet,
sweeft elk gelyk nei ’t wiffe westen…
har bestimming is spion.

* Samuel Jakolevitsj Adlivankin (1897-1966)
Skilderij ‘De wedstriid fan jonge modelbouwers’

admin

Mei iepen eagen blyn

Bibelbylden

fan Caravaggio*



Hoewol’t ik op ’en paad wer bin,
moat ik my liede litte,
ha gjin stjoer mear oer de lea,
ynienen foel ik op ’e grûn
en lei foar dea.

Ik hie de dea fan ’t folk yn ’t sin
dat fuortrûn mei Hear Jezus,
ja, ik neam him no myn Hear,
hy hat my krekt in opdracht jûn,
nee, ’k wit net mear.

Mei iepen eagen kin ’k neat sjen,
ik moat my liede litte
nei Damaskus, nei’t ik tocht
dat oaren rekken op ’e grûn,
mar nei dat ljocht…

… fan Jezus is ’t foar my noch swart
foar eagen, ’k soe net witte
wat my noch te wachtsjen stiet;
myn âlde libben is ferrûn,
wat wie, fergiet.

* Caravaggio (1571-1610)
Skilderij ‘De bekearing fan Saulus’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum