oktober 13, 2018
fan Pietro da Cortona*
Wat kin in stim in protte dwaan!
It lûd dat út ’e hichte kaam,
dêr bin ik kjel fan wurden:
nei Saulus moast ik my bejaan,
dy’t ek in fisioen hân hie
oer my, te gek foar wurden!
Ik ha doe sprutsen tsjin dy stim:
‘Dy Saulus is hjirhinne kaam
om ús te arrestearjen;
sa die er yn Jeruzalem,
om’t hy in Jezus-hater wie…
moat ik sa’n man wurdearje?’
Dat moast ik wol, want foar de Hear
soe hy mei ’t wurd de wrâld yngean
en sa it heil ferspriede;
troch ’t wurd fan my kaam it wer klear,
hy seach wat him te wachtsjen stie,
de wurden waarden dieden.
* Pietro da Cortona (1596-1669)
Skilderij ‘Ananias lit Saul wer sjen’
oktober 12, 2018
fan François-André Vincent*
Sy wie de frou fan Paetus, generaal
yn tsjinst fan keizer Claudius,
dy’t oprôp fûl ferset…
it waard op ’t lêst in tryst ferhaal.
De generaal naam ’t tsjin de keizer op,
in opstân tsjin ’t gesach en dus
ferbean troch wil en wet…
it rûn op ’t lêst út op in strop.
Want Paetus moast fertelle oan syn folk
’t befel fan keizer Claudius:
de dea komt nea te let,
wurdt nûge mei dyn eigen dolk.
Doe kaam de frou fan Paetus, Arria,
en stiek harsels, foar him model:
‘Sjoch my, it docht net sear!’
Hy naam de dolk en sloech fûl ta.
* François-André Vincent (1746-1816)
Skilderij ‘Arria en Paetus’