februari 12, 2025
Lit net de snie ús lea bedrige
mei in fal dy’t útrint op in brek,
mar sjoch hoe’t ôffal der net is,
de wite wrâld fan klearens sprekt,
mar skyn kin dûbel lige.
Yn ’t foarste plak troch glêde planken
dy’t in flok oproppe of: ‘Ferrek,
gjin poat ferset ik mear, ’t is mis!’
Wa tinkt der dan noch oan it stek
of heart swart-wite klanken?
De snie kin ús swart-wyt bedrage
troch de macht dy’t opslacht as in gek,
sadat de wrâld fan neat mear wis
is, kealens heech de kop opstekt,
it reid mist griene kragen.
Lit net de winter oer ús komme
mei it iene nei it oare wek,
wit dat it ôffal tydlik is
dat yn it Wite Hûs no sprekt…
lit dat yn drek omkomme.
februari 10, 2025
fan ûnbekend*
It lân dat iuwen hearske oer
de weagen, ek de heale wrâld
syn wil oplei, hold net mear stân:
koloanjes waarden steaten,
oerbleau inkeld Ingelân.
Lit Yndia en Pakistan
har eigen frije gong mar gean,
sy libje neffens har natuer:
in stambeam mei syn leaten,
boppedat bloeit de kultuer.
Natuer, kultuer, ferjit dan net
de godstsjinst, boppe alles út
giet Allah en de goadewrâld,
dy’t minsken ’t heil yngeaten,
ûnheil makket folken kâld.
Lit Yndia en Pakistan
net stride om de steat Kashmir,
want frijheid hâldt net langer stân
mei beammen sûnder leaten…
godstsjinst stekt it lân yn brân.
* Kaart ‘Konflikt Kashmir’