december 20, 2018
fan Jakob Smits*
Hoe kin it lân derhinne lizze
like desolaat as it mar kin,
sjoch nei de stikken sketten toer,
gjin mins is by de mêst te sjen,
de flagge kin ’t miskien wol sizze.
De wolken wolle noch net driuwe,
tsjin de wil fan ’t nasjonale doek,
dat kleur bekenne wol, ’t is oer
mei ’t skrassen fan de swarte roek,
dy allesfretter koe net bliuwe.
De wyn stekt op en lit de sinne
komme achter lêste wolken wei,
de swiere lêst, fan lange doer,
glydt fuort mei ’t skaad, de ommeswaai
lit mei ferstân it pleit hjoed winne.
Sjedêr, wat kleuren sizze kinne:
foar de Belch begjint in nije dei.
* Jakob Smits (1855-1928)
Skilderij ‘De flagge’
december 19, 2018
fan ûnbekend*
Yn Lystra kaam ik op ’e wrâld,
ús mem is in Joadinne
en ús heit fan Gryksk komôf,
dus kriich ik wat fan beide mei…
as kristen sil it folk my kenne.
Fan Paulus kriich ik ’t leauwe mei,
in pear jier lyn, hjirhinne
reizge hy mei Barnabas
mei ’t boadskip fan in nije dei,
foar my it rizen fan de sinne.
As kristen bin ik net besnien,
mar hjoed moast it al wurde,
sa woe Paulus dat leafst ha
fanwege Joaden, sy ha ’t dien
al iuwenlang nei Mozes’ wurden.
It is fansels net om ’e nocht,
ik rin net sûnder pine,
mar dêr stiet wol wat foaroer:
ik gean mei Paulus troch de wrâld
en lit it ljocht fan Kristus skine.
* Glês-yn-lead ‘Timoteüs’