december 7, 2018
fan Peter Paul Rubens*
Bellerophon, soan fan god Poseidon,
gie it libben troch as held,
waard oan de ein in swalker,
it is it lêste wat dan telt.
Hy moast flechtsje, om’t er deade sûnder
sin Belleros, ’t ûngelok
hat him de rêst ûntnommen,
hy lade op him mannich flok.
Bellerophon koe miskien ûntkomme
oan de dea mei altyd striid
en holpen troch Pegasos,
it fleanend hynder wiid en siid.
Hy koe winne fan in fjurrich meunster,
naam fanwege laster wraak,
ferdronk in keninginne,
dat wie syn alderlêste taak.
Bellerophon mocht fan Zeus net komme
op ’e goadeberch, ’t wie út
mei him, net mei Pegasos:
in godlik hynder ta beslút.
* Peter Paul Rubens (1571-1640)
Skilderij “Bellerophon, Pegasos en Chimera’
december 6, 2018
fan Pieter Kluyver*
It hie net wêze moatten,
mar de loft wie fan ’e moarn noch blau,
wylst de sinne fleurich nûge
fier te rinnen tusken stêd en wâld
mei ’t koeltsje yn de rjochte rêch,
dat frijút mei syn kroltsjes boarte.
Mem liet him earst mar rinne
fan it smelle paadsje nei de bou,
fierderop wêr’t kikkerts nûgen,
want sy fielde oan: dit wurdt syn wrâld,
dy’t him it aventoer ûnthjit,
sy liet him gean en rûn allinne.
It koeltsje boaze oan, de twirren
hiene op it fjild frij spul, al gau
kamen wolken foar de sinne,
folge troch in slang en doe in klap,
gjin kikkert dy’t him hearre liet,
mem wol, har stim sloech oer: ‘Kom hjirre!’
Tegearre waarden sy doe nûge
troch it wâld, dat bearde as in frou
yn it kreambêd, al fierhinne:
‘Kom hjirhinne, ûnderdak, mar rap!’
Sy seagen tusken blêden ’t dak,
wylst alle tûken foar har bûgen.
Pieter Kluyver (1816-1900)
Skilderij ‘Beammen by stoarmwaar’