december 9, 2018
fan Frank Rinehart*
Kin in yndiaan syn bertegrûn
ferjitte… nea sil hy wer laitsje,
om’t mem Ierde dan ek gûlt;
hy is yn frijheid dêroan bûn,
hâldt har yn eare mei de stam
en sil oer al syn berntsjes weitsje.
Koe Geronimo de macht wjerstean
fan blanken dy’t syn stam ferjagen
nei San Carlos’ reservaat?
Hy fleach dêrút as frije earn,
mar waard wer finzen, wjukleas lam,
’t wie dreech om noch de lêst te dragen.
Soe in yndiaan yn libbensjûn
net stilstean by de drege jierren
doe’t mem Ierde gûlend rôp:
‘Kom gau werom, de bertegrûn
is fan Geronimo syn stam!’
Op ’t stjerbêd klonk it noch fan fierren.
* Frank Rinehart (1861-1928)
Foto ‘Geronimo’
december 8, 2018
fan ûnbekend*
As fromme Fariseeër
bin ik koartlyn kristen wurden,
mar de wet lit my net los,
it mes snijt oan twa kanten:
besnije jout foar my noch pas.
Ik woe der dit mei sizze:
Paulus kin ús mear fertelle…
oer de reis nei ’t heidenlân,
mar heidens binne klanten
foar ’t mes, besnije smeit de bân.
Der bliuwt ferskil fan miening,
hurde wurden binne fallen,
want it gie de measten oan,
’t probleem hat dus twa kanten,
te dreech foar hjoed, ’t ferfolch is moarn.