december 13, 2018
fan Judith Leyster*
Sy hat jûn dûbel fjoer:
’t brânt ûnder yn de stove
troch de fuotten nei de hiele lea,
en boppe jout it ljocht,
want yn it tsjuster is ’t in toer
te stekken op it goede plak.
Hy fielt fan binnen fjoer,
net maklik om te doven,
want it lôget troch de hiele lea;
hy hat it earst besocht
mei leave wurden, jout no oer
’t fertsjinne lean foar syn gerak.
Sy sjocht net op, ’t giet stek
nei stek deun by de râne
lâns yn ’t eigen ljocht, sy swijt him dea,
wylst hy it oars besjocht:
hy fynt syn oanbod lang net gek
en komt by har grif ûnderdak.
* Judith Leyster (1606-1660)
Skilderij ‘Man dy’t in frou jild oanrikt’
december 12, 2018
fan ûnbekend*
Ik bin perfoarst net eigenwiis,
want Petrus hat my leard
om Kristus oan te nimmen;
’k gean mei Paulus hjoed op reis,
ik kriich dêrfoar de measte stimmen.
De Fariseeërs ha ferlern:
wa’t him ta Kristus keart,
giet troch it libben sûnder
teken fan besnijenis,
fan heiden kristen is bysûnder.
It pleit kaam fan de beide broers**:
de klam lei op ’e Geast,
dy wie foar Joad en heiden,
kleare wurden sûnder mis,
in boadskip dat de wrâld oer waaide.
Dus moatte wy nei ’t noarden ta
mei wurden yn de geast
fan Kristus; brief en mûle
geane foar de Hear op reis,
gjin kristen sil it oars bedoele.
* Ikoan ‘Silas’
** Petrus en Jakobus