maart 4, 2024
fan ûnbekend*
Ezechiël
Foarst fan Tyrus, hear hoest wiest:
in toanbyld fan folsleinens,
fol fan wiisheid en ûneinich moai,
do wennest yn it hôf fan Eden,
edelstiennen hiest as toai,
do wiest in kearûb-ingel,
stiest op wacht, de wjukken wiid,
giest ek op wei de berch bydel,
mar doe briek oan in oare tiid.
Foarst fan Tyrus, hear hoest giest
de hannel yn, ferfallen
bist ta grutspraak, heechmoed en geweld;
ferballe út it hôf fan Eden,
waardst as wachter net mear teld,
bist op ’e ierde smiten,
wurdst slachtoffer yn it fjoer,
ferstoost as jiske yn it rûn,
neat bliuwt der fan dyn toanbyld oer.
* Yllustraasje ‘Kearûb-ingel’
maart 3, 2024
fan Marc Chagall*
Wannear’t it meunster spuit mei fjoer
nei’t hy as satan gromme hat
dat hiel it doarp de hel yngiet,
dan wurdt it read foar eagen.
De hoanne kraait de wenten oer
alarm, de ko balt hymjend mei,
de geit dy’t as ferstive stiet,
hat ek it read foar eagen.
Wat kinne âlders mei har bern
oars as it hûs út flechtsje nei
in plak fier oer de fierste grins
mei wer it grien foar eagen.
Wa’t net in bern ferlieze kin,
wês moedich, nim it risiko,
fermoardzje him dy’t is gjin mins,
stek út syn reade eagen.
Gjin meunster spuit dan mear mei fjoer
wannear’t de held net wachte hat,
mar yngie tsjin wa’t gromjend stie
mei satans swarte eagen.
* Marc Chagall (1897-1985)
Skilderij ‘It brânende doarp’