december 17, 2018
’t Rûn lichter as earjuster
mei it swarte asfalt ûnder skuon
dy’t elke dei itselde fiele,
dochs wie ’t fan ’e moarn roettsjuster.
De wei waard wiisd troch ljochten
dy’t wat hiene fan in loftballon,
mar wat de kâlde kop besiele,
wiene spoaren, hjoed strielrjochte.
De stappen lieten spoaren
achter, oars as fan in rubberbân,
sa kaam der in ferskaat oan stilen,
wat de eachopslach bekoare.
Mar dochs… ’t hie wachtsje moatten,
want it keunstwurk rûn wat út ’e hân,
mei kryst hie it de haadrol spile…
dêrmei hiene bern ek boarte.
december 16, 2018
fan ûnbekend*
Raymonde de Laroche,
in namme dy’t it die op it toaniel
en letter sweefde boppe ’t lân,
sy spile mei har hert en siel
en gie de loft yn mei ferstân.
Sy makke har rap los
fan ’t byld dat manlju rize fan de grûn
en froulju bliuwe ûnder stean,
alhiel oan stân en stimming bûn,
mar sy woe fleane as in earn.
Raymonde de Laroche
begûn mei rûntsjes meitsjen op ’e grûn,
de haadrol kriich de dame net;
doe’t sy mei sûn ferstân it fûn
hie, krige sy it fleanbrevet.
Sy makke hiel wat los:
de tsaar joech har de titel ‘barones’,
de ealstân duorre lykwols net,
sy kaam om ’t libben troch in crash,
foar har waard doe in stânbyld set.
* Foto ‘Raymonde de Laroche’