december 21, 2018
fan Giuseppe Crespi*
Gjin domkop, sa’t syn namme seit,
want Brutus kriich úteinlik macht
yn Rome, nei’t er die as wie er gek
om te ûntkommen oan de dea,
syn broer lykwols ferlear it pleit.
Syn omke, dy’t earst kening wie,
sloech op in slang as teken acht
en stjoerde Brutus mei syn soannen mei
nei Delphi foar it wierheidswurd…
’t orakel joech in oare rie:
Wa’t joech as earste mem in tút,
waard foarst yn it Romeinske ryk;
de soannen sprieken oer dy memmedei,
mar Brutus’ lippen rekken oan
mem Ierde, ’t wie in slim beslút.
Hy konsul, Rome republyk
en yn dat ryk in raar komplot
fan eigen soannen tsjin de heechste heit,
in drama mei in skrille toan,
dy trije waarden ek ta lyk.
* Giuseppe Crespi (1665-1747)
Skilderij ‘Brutus jout de ierde in tút’
december 20, 2018
fan Jakob Smits*
Hoe kin it lân derhinne lizze
like desolaat as it mar kin,
sjoch nei de stikken sketten toer,
gjin mins is by de mêst te sjen,
de flagge kin ’t miskien wol sizze.
De wolken wolle noch net driuwe,
tsjin de wil fan ’t nasjonale doek,
dat kleur bekenne wol, ’t is oer
mei ’t skrassen fan de swarte roek,
dy allesfretter koe net bliuwe.
De wyn stekt op en lit de sinne
komme achter lêste wolken wei,
de swiere lêst, fan lange doer,
glydt fuort mei ’t skaad, de ommeswaai
lit mei ferstân it pleit hjoed winne.
Sjedêr, wat kleuren sizze kinne:
foar de Belch begjint in nije dei.
* Jakob Smits (1855-1928)
Skilderij ‘De flagge’