december 23, 2018
fan ûnbekend*
Hy woe de skiednis sprekke litte:
slaven, helle út it heitelân
en delslein yn in wreed bestean
troch hearen, lykjend heech fan stân…
hy woe him mei har mjitte.
Dy skiednis hat er bestudearre
om dan troch te gean as aktivist:
foar swarten it fertsjinne lean,
gjin kleurling dy’t oansluting mist,
elk wurdt gelyk wurdearre.
De oerheid hat him falle litten,
woe net aktivisten yn de race:
gjin paspoart mear, hy koe wol gean,
waard op syn âlde dei Ghanees…
de skiednis lit dit witte.
* Foto ‘William Du Bois’
december 22, 2018
fan ûnbekend*
No stean ik werklik oan de kust
en hear it rûzjen fan de weagen,
dy’t my roppe: ‘Stek no oer!’
It is ferbylding, mar ek wier,
ik kriich it yn de nacht foar eagen.
Wy wiene wiken ûnderweis
en woene ôfslaan nei it noarden,
mar wat oars kaam op ús oer:
it wie as hold dat paad ús tsjin,
as moasten wy nei oare oarden.
Yn Troas seagen wy de see;
dyselde nacht lei ’k fêst te sliepen,
’k hearde doe: ‘Stek nei ús oer,
help ús yn Masedonië!’
Doe giene my de eagen iepen.
No stean ik werklik oan de kust,
moarn stekke wy oer Grykske weagen…
Jezus stiet foar ús oan ’t roer.
* Foto ‘See by Troas’