december 25, 2018
fan Peter Paul Rubens*
Jawis, hy brânt, ik fiel it oan,
noch efkes wachtsje, jonge,
net te fluch fan tsjuster nei it ljocht,
hjit kearsfet is gefaarlik,
sstt, byt earst mar op ’e tonge.
Nee beppe, ’k hâld my sa wol stil,
myn kearske moat ek brâne,
want dat jout mear ljocht as beppe sjocht,
ik fyn it kin wol dalik,
’t fet komt dêr net op telâne.
Sjesa, myn hân kin der foarwei,
it is in wûnder, jonge,
fan it tsjuster komt it yn it ljocht…
hoe komt it mei dyn flamke?
Wolst wol leauwe, ’k kin wol sjonge.
Sstt, beppes tonge krijt gjin byt,
dan kin ik ek wol sjonge.
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Alde frou en jonge mei kearsen’
december 24, 2018
Noch hâldt it stek de ingel tsjin,
de punten, stribjend nei de hichte,
skerpte dy’t him stekke kin:
de bajonet op it gewear,
it bloedmes, net om oan te sjen.
Mar as de gjalpen fan it bern
troch hongerskerpte him berikke,
is de earste slach te sjen,
de klappen klinke kear op kear,
de ingel klimt sa heech er kin.
Sjedêr de himel iepengean,
it daget fjurrich yn it easten,
it is no tiid om stil te stean,
fol fjoer te skinken, mear en mear
wurdt oan it bern syn breatiid bean.