januari 3, 2019
fan Marc Chagall*
De loft fertelt hjoed fan it fjoer
dat lôget troch de folken,
ek de tuorren stimme mei
yn Babelsk tûzen talen;
de wei rint swart op wenten oan…
wa sil it lot fertolkje?
Hy jout it oan de minsken oer,
brûkt sels net folle wurden,
mar it is him yn de wei:
hysels wit fan ferhalen
de iuwen troch fan heit op soan…
it bloed siet oan de swurden.
It nijs fan hjoed, de wrâld oerstjoer,
wurdt brocht mei fette koppen,
ek syn antlit stiet dernei:
de Joad ken de annalen
dy’t sprekke op in tryste toan
fan leed net te ferkropjen.
* Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘De kranteferkeaper’
januari 2, 2019
Slavinne ha ik jierren west
fan lju dy’t jild oan my fertsjinnen,
ek fan in geast dy’t my de wierheid sei
oer minsken dy’t op strjitte rinne.
Twa frjemden kaam ik juster tsjin
en daliks liet de geast him hearre:
it wiene feinten fan de heechste God,
it waard my hieltyd iepenbierre.
Ik rôp it harren achternei
oant ien syn nocht fan ’t skreauwen krige,
hy rôp de geast oan dat dy út my gie,
mar wat hy sei, wie dochs gjin ligen.
Slavinne fan de geast bin ik
net mear, mar wol fan de twa bazen,
dy’t my gjin munt mear wurdich fine, ’k hear
dy beide noch grimmitich razen.
As ik my geastleas net fersin,
ha beide frjemden straf fertsjinne.