januari 11, 2019
fan ûnbekend*
As jonkje bleau hy by syn heit
yn ’t legerkamp, dêr’t de soldaten
him soldatelearske neamden,
in teken fan syn populariteit,
sa hie hy tûzen maten.
Al jong ferlear er heit en mem,
kaam yn de kost by beppe, letter
by Tiberius, de keizer,
in kwestje fan in lûde stim, gjin rem,
in hearsker op ’e kletter.
De keizer dea, Soldatelears
kaam op ’e troan, it koe net better:
bôle foar it folk en spullen,
in kwestje fan in sêfte stim, mar heas
rôp Caligula letter:
‘Ik bin de baas, sjoch nei myn byld,
fal del, jimme sille ’t ear bewize,
machtich bin ik boppe goaden,
dat elk myn populariteit oanfielt,
myn lears sil om jim gnize.’
Gjin lears hat gûld om keizers bloed,
dat spatte om it folk te wizen
op ’e wil fan lilke goaden.
* Byld ‘Caligula’
januari 10, 2019
fan Rembrandt*
Kin Joaris wol foar ivich rêste
nei in libbenslang ferrin
fan op ’e strjitte foar de mage?
De hân griep faakris nei it mes,
dat syn gewisse bleau net skjin…
se seine, Joaris wie gjin bêsten.
Dêr leit er dan mei lege longen,
dy’t hurd wurken op ’e dei
dat hy in hannelsman berôve
en yn in flits griep nei it mes,
sadat syn lêste gong wie faai…
hy waard heech oan de galge hongen.
Syn mage leit al oeren iepen,
leger as it lêste skoft,
syn breinkas is yn oare hannen,
it mes snijt fierder foar de les,
sa wurdt er lizzend noch romroft,
mei fan de wittenskip lang sliepe.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Anatomyske les fan Dr. Jan Deyman’