januari 17, 2019
fan Felix Cogen*
Se stie dertusken, foar it earst,
mei ’t jonkje yn de earmen,
it famke by de rjochterfoet,
it lêste wat se wollen hie.
De see naam ’t lichem, net de geast,
dy’t noch de bern beskerme,
wat joech har alle dagen moed
om troch te gean lykas it wie.
It wie wol oars, dat wist sy wol,
mar foar de bern itselde
troch wat har geastkrêft dûbel joech:
syn stim klonk yn har berneliet.
Se hat it helle, hjoed wer fol
fan him dy’t fisken telde;
har jonkje is fan ’t wachtsjen slûch,
har famke waard fan ’t hingjen wiet.
* Felix Cogen (1838-1907)
Skilderij ‘It útdielen fan bôle oan
de widdo’s en wezen fan Katwyk’
januari 16, 2019
fan ûnbekend*
Hjoed gean ik út Beréa wei
en lit myn beide maten achter:
Silas en Timoteüs,
sy rinne net sa’n grut gefaar
as my, myn libben stiet hjir faai.
Wy hiene ’t yn Beréa bêst,
de Joaden, lykas in tal Griken,
rekken fol fan Jezus’ lear;
it folk út Tessalonika
kaam nei Beréa en joech lêst.
No moat ik út Beréa wei
en reizgje fierder nei Atene
foar it boadskip fan de Hear;
it giet mysels net gau te raar
yn Grikelân… moarn wer in dei.
* Skilderij ‘Apostel Paulus’