januari 19, 2019
fan Rafaël*
Yn Atene bin ik berne,
stêd fan kennis oer de goadewrâld,
dêr’t ik mei hiel myn siel yn leaude,
want de goaden binne mannichfâld,
men moat se allegearre kenne…
… nei it wurd fan filosofen:
‘Sjoch mar nei de hiele maatskippij,
dy’t wy besjogge fan mear kanten,
dat dêr passe ek de goaden by!’
Mar soe dy teory wol doge…
… frege ik my ôf; doe hearde
ik in sprekker op it grutte plein
dy’t net yn al ús goaden leaude,
mar it hold by ien, hy hat ek sein:
‘It is in God fan hege wearde!’
’k Bin wol yn Atene berne,
mar de goadewrâld seit my neat mear
sûnt Paulus’ wurd my nei Him kearde
dy’t as Skepper krijt de heechste ear…
de goaden moatte dêroan wenne.
* Rafaël (1483-1520)
Skilderij ‘Paulus yn Atene’
januari 18, 2019
fan ûnbekend*
Camillus, hearsker, strider, balling,
yn en foar en troch ’t Romeinske ryk,
in libben hinne en werom,
in rjochte streek en soms ek krom,
gjin jier gelyk.
Diktator om de striid te winnen
tsjin de stêden yn folslein ferset,
sa waard er hearsker mei geweld,
omdat allinnich delslaan telt,
dêrnei de wet.
Mar sjoch ek nei de rjochte streken
fan Camillus by it stedsbelis,
doe’t bern him pakten by it hert
en rjocht waard foar it kromme set,
syn slach wie wis.
In master brocht syn jonges nei it
leger: gizelers yn Romes macht,
wat yngie tsjin it oarlochsrjocht,
de jonges waarden stokken brocht:
‘Jou, master, acht!’
Camillus, hearsker, strider, balling,
Rome loek de hannen fan him ôf,
mar net foar lang, hy kaam werom
en bûgde rjocht wat wie earst krom,
doe streekrjocht trou.
Yllustraasje ‘Camillus’