januari 31, 2019
fan Georg Grosz*
fan Max Slevogt**
Finzen yn de boeien fan de stêd,
krioelje lju de strjitten út
op wei nei har idoal,
dat wykt, draaft fierder fuort…
gjin útkomst yn de metropoal.
Fjoerread giet it folk yn flammen op,
de jiske is it lichte guod,
it hat wat wei fan moal.
Tusken kaken sit de linkerearm,
de tosken kringe troch de hûd;
natoer is har idoal,
sy leit der middenyn,
slop op ’e skouders fan har boal.
Grien wiuwt har it tichte oerwâld ta
op ’t ritme fan de waarme wyn…
oars as de metropoal.
* Georg Grosz (1893-1959)
Skilderij ‘Metropolis’
** Max Slevogt (1868-1932)
Skilderij ‘Tiger yn it oerwâld’
januari 30, 2019
fan ûnbekend*
As gelearde stean ik goed bekend,
wat lang net alles seit:
ik moast as Joad oer grinzen hinne
om mei Kristus op te tsjen,
fan hearren sizzen learde ik him kennen.
Oan joadske wetten bin ik wend,
gjin kwea wurd oer dy lear,
mar Kristus’ libben hat my rekke,
libje om foarút te sjen,
hoewol… men moat net mei ’t ferline brekke.
Kristus’ libben, my net goed bekend,
kriich ik fan oaren troch,
’k ha alles my fertelle litten,
lykas wie ik noch in bern,
gelearden kinne ek net alles witte.
Hoe’t it libben foar my fierder rint?
As kristen gean ik troch,
dat ek de Joaden derfan witte.
* Foto ‘Alexandrië’