Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Alternative sleep

Lyrysk Deiboek

Gjin sleeptou hat er nedich,
oprôle leit it om de bolder,
de hiele winter al,
’t leit net oan strange froast,
de waarprofeet spriek kolder.

De sinne bringt gjinien ta stân,
it útgeansfolk bliuwt langer lizzen
yn ’t waarme winterhol;
hoe let derôf, wit Joast,
op snein is ’t min te sizzen.

Mar efkes fierder, op ’t Grutsân,
stean fytsers efkes út te pûsten,
fan alve stêden fol,
twa slokken foar de toarst…
wer wurde hannen fûsten.

admin

Arrestaasje fia de radio

Skiednisbylden

fan de redaksje*

It skip foer op ’e oseaan
mei withoefolle passazjiers,
besiele troch bagaazje
fan frije jeugd oant fêste baan,
foarname lju, ek naasje.

De kapitein hie ien yn ’t each
dy’t by him oprôp it gefoel
fan gif yn de bagaazje,
it skip briek wol troch mannich weach…
te let joech argewaasje.

De weagen fan de radio
berikten daliks Scotland Yard:
’t wie Hawley Harvey Crippen,
mei gif rôp hy tsjin ’t libben: ‘Ho,
myn wiif rint op ’e klippen!’

Foarside ‘The Daily Mirror’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum