maart 11, 2024
De stam hat wyn en waar trochstien,
mar hat syn bêste tiid wol hân,
de bast lit in tal skuorren sjen,
syn krún hat er resint ferlern.
De ein fielt al de maitiid oan
en sloech op tiid de wjukken út,
sy lâne op in heger plak:
de stam, dy wie dêrfoar al flak.
De âlde stam jout it net op
en sprút mei nije leaten út,
dy’t kâldwei komme yn de knop,
ha sa de maitiid yn de kop.
It eintsje kleuret dêr kreas by,
hat ek in knop al foar it each
en sjocht it sitten mei dat aai
as teken foar har eigen skaai.
maart 10, 2024
fan ûnbekend*
Wa heart yn Londen noch it lûd
fan de V2, ‘Vergeltungswaffe’
fan de nazi’s, deadlik nei de flecht
foar njoggentûzen boargers…
hear de hûnen blaffen.
Wa heart yn Kiev net it lûd
fan de raketten om te straffen
nazi’s neffens ’t Kremlin, mar net echt,
sa wurde boargers troffen…
hear de hûnen blaffen.
Wa heart yn Snits it hege lûd
fan de sirene? Hûnen blaffe,
dowen wjukje klappend op ’e flecht,
mar alles went, want boargers
lizze lang te maffen.
* Foto ‘V2-raket’