maart 24, 2019
fan ûnbekend*
In panter draaft mei faasje
fan it iene nei it oare plak,
lit sa syn rjochten sjen,
foarbyldich foar de wrâldske macht
dy’t stribbet nei in sterke naasje.
De Dútske ‘Panther’ liet him
jilde yn Marokko’s Agadir,
it rjocht gie oars ferlern;
de Frânske hoanne stie op wacht
en woe net ha de panter biet him.
In plak fol yn de sinne,
dêrfoar wie de keizer yn it spier,
dan wie syn rjocht te sjen
fan Dútslân oant yn Afrika,
syn macht moast oan prestiizje winne.
As bisten skieden binne,
fine sy in eigen gaadlik plak,
dan is ’t model bekend,
mar ierdske machten wolle ha
dat sy ek oer de grinzen kinne.
Foto ‘Dútske kanonnearboat Panther’
maart 23, 2019
fan Rembrandt*
Mei myn beneaming kriich ik al
te meitsjen mei in arrestant
dy’t twa jier op in útspraak wachte,
Felix koe dêr neat mei wurde,
hat my foar dat karke spand.
De Joaden spilen slim de rol
fan klagers, hy soe harren wet
net holden ha en dus ferachte;
Felix koe dêr neat mei wurde,
hat my foar de útspraak set.
Ik stelde foar Jeruzalem,
de joadske stêd om rjocht te dwaan
oan Joaden dy’t ek wachte hiene;
Paulus woe dêr neat fan witte,
koe syn eigen slach slim slaan:
‘As boarger ha ik ek in stim,
bin mear as inkeld arrestant,
berop my dêrom op ’e keizer.’
Wat koe ’k oars as witte litte:
‘Fan de keizer wurdsto klant.’
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Paulus skriuwt brieven yn de finzenis’