Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Sidon en Israel

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

Stêd Siodon, harkje wat de Heare seit:
‘Yn dyn fermidden sjochsto My
ferskinen yn myn gloarje,
rjochtdei hâld Ik dan oer dy:
de pest sil swalkje troch de stêd,
it bloed rint troch de strjitten,
rûnom giet it swurd te kear,
Ik bin de Hear, dy’t Israel wol rêdt.’

Folk Israel, hear wat de Heare seit:
‘Ferachting is net mear dyn diel,
dy’t stekt as skerpe stikel,
oer de hûd as toarne skramt,
Ik lit myn hillichheid dy sjen,
op eigen grûn silst wenje,
folken jouwe dy de ear,
Ik bin de Hear, dy’t Israel wol ken.’

* Foto ‘Seekastiel Sidon’


admin

Ein op stam

Lyrysk Deiboek


De stam hat wyn en waar trochstien,
mar hat syn bêste tiid wol hân,
de bast lit in tal skuorren sjen,
syn krún hat er resint ferlern.

De ein fielt al de maitiid oan
en sloech op tiid de wjukken út,
sy lâne op in heger plak:
de stam, dy wie dêrfoar al flak.

De âlde stam jout it net op
en sprút mei nije leaten út,
dy’t kâldwei komme yn de knop,
ha sa de maitiid yn de kop.

It eintsje kleuret dêr kreas by,
hat ek in knop al foar it each
en sjocht it sitten mei dat aai
as teken foar har eigen skaai.


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum