mei 18, 2019
fan ûnbekend*
Korintiërs, oer guon ha ’k heard
dat sy soms nei de hoeren gean
om har gerak te heljen,
wat by jim de geast bedjert.
De frijheid fan in kristen is
in ryk besit om foar te gean,
mar net om te beteljen
oan de hoeren, dan is ’t mis.
It lichem is ek in besit,
mar net allinnich foar mysels,
it is in diel fan Kristus,
dêrom dat ik kristen hjit.
Dus asto nei de hoeren giest,
dan joust in diel fan Kristus wei,
ferbrekst dêrmei de ienheid,
wat perfoarst op delgong wiist.
It lichem is in timpel fan
de Geast, dat wês dêr sunich mei,
in timpel dêr’t de wiisheid
opbloeit neffens himelsk plan.
Yllustraasje ‘Bleate dûnseres’
mei 17, 2019
fan Evelyn De Morgan*
Helena, berne út in aai,
dat lein waard troch mem Leda,
befruchte troch god Zeus as swan,
de manlju wiene fan har wei,
sy wie foar allegear de wiere.
Yn Sparta waard sy strieljend grut
en doe ûntfierd nei Troje,
dêr’t kreaze Paris wie har man;
der kaam in lange striid út fuort,
foar beide kampen wie ’t in swiere.
Nei Sparta gie har langstme út,
om’t Paris net mear libbe,
dus briede sy op ’t snoade plan
fan Griken ha op ’t lêst de bút,
wy sille de oerwinning fiere.
Sy wiisde oan de Gryk de wei,
dy’t siet yn ’t houten hynder,
dat grutter wie as Zeus de swan;
de Griken namen har doe mei
nei Sparta, want sy wie de wiere.
* Evelyn De Morgan (1855-1919)
Skilderij ‘Helena’