maart 18, 2024
Wurdt de frijheid kwea beknotte,
stekke earmen himelheech,
wat bliuwt dan oer fan it bestean?
De tinne tûkjes dy’t noch hingje,
troch de hearskippij bespotte.
Liket hjoed dy macht te winnen,
krije earmen it te dreech
om foar de frijheid troch te gean,
dan kinne tûkjes útkomst bringe
yn de strielen fan de sinne.
Lit de sinne de macht krije
om de kjeld fan Oeral wei
te teien foar in waarm bestean,
dan sil de frijheid oan krêft winne,
de sabeare winner swije.
maart 17, 2024
fan ûnbekend*
Wat docht in muorre foar it folk
dat siket om beskerming
op beheinde grûn, de lêste
fan in ûnbestimd bestean…
hoe lang dan noch te gean?
De muorre waard in finzenis
foar Joaden yn it getto
as besmette grûn yn Warschau,
amper plak om te bestean…
hoe lang dan noch te gean?
It wie de finzenis fan mear
as fjouwerhûnderttûzen
sûnder útsicht op ’e takomst
fan in trochrinnend bestean…
hoe lang dan noch te gean?
Wa’t oerbleau, kaam der libben út
foar ’t lot fan konsintraasje
fia gas en fjoer ta jiske,
gjin ferfolch fan it bestean,
gjin wei om noch te gean.
Foto ‘Getto Warschau’