juni 6, 2019
fan Aert van der Neer*
It treft net inkeld earme skiters,
dy’t mei lijen har troch ’t libben slaan,
elk kriget yn ’t bestean syn diel
en rint troch ’t duvelsk lot gefaar,
ek hege miters.
Gjinien wist fan de earste flammen
bûten ’t hurdfjoer en ’t gewoane dwaan,
ynienen lôge ’t yn ’t kastiel
en fierder troch it hege dak,
elk stie ferlamme.
Mynhear pastoar begûn te bidden,
sloech in krús, rôp fjurrich oan de Geast
dat wetter út ’e himel kaam,
dan kriich de hear ek syn gerak…
de tsjerke siedde.
Wa’t rispe hie, wie faak de rike,
fan ’t gehiel kriich hy it aldermeast:
in hiele keppel tsjin ien laam;
jûn rûn it oars, ’t wie duvelsk raar
lykas ’t no like.
* Aert van der Neer (1603-1677)
Skilderij ‘Utslaande brân op in kastiel’
(detail)
juni 5, 2019
fan ûnbekend*
Jou acht op wat dy út ’e mûle komt,
want wurden spylje in foarname rol:
profetearje docht de kristen goed,
mar frjemde talen klinke hol.
Wa’t profetearret, krijt in rom gehoar,
om’t elkenien de wurden wol begrypt,
profesijen sprekt men út mei gloed,
wat inerlik de minske grypt.
Mar frjemde talen gean folslein teloar,
om’t al dy lûden gjin betsjutting ha;
wa’t dy talen sprekt, hat grif de Geast,
mei inkeld klank kin nimmen ta.
Lit ús ek profetearje foar wa’t komt
fan bûten, dat er rekke wurdt yn ’t hert;
wat him binnen oansprekt ’t aldermeast:
hy wurdt teplak, yn ’t ljocht ek set.
* Yllustraasje ‘Profetearje troch de Geast’