Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Brief oan de Korintiërs 10

Bibelbylden

fan ûnbekend*



Hoe moat it no dan, bruorren?
Ja, sa sprek ik jimme oan,
want oarder moat der wêze:
stille froulju, manlju, heech fan toan,
sprekke, profetearje, lêze.

Yn frjemde talen sprekke,
nee, ik sis jim, kear dat net,
kin ien dy taal útlizze,
dan is dêrmei dat sprekken ret,
mar der is noch mear te sizzen.

Lit bruorren profetearje,
want dêr leare jimme fan,
mar froulju moatte swije,
’t profetewurd is oan de man,
froulju meie dat net krije.

Mar Paulus, soesto mije
’t wurd fan memmen foar de bern?
De Hear hat harren roppen
om nei de lytsen om te sjen…
’t frouljuswurd hat foar dy kloppe.

* Yllustraasje ‘Paulus’

admin

Danaïden

Mytebylden

fan John William Waterhouse*

Danaos en broer Aigyptos
hiene beide fyftich bern,
Danaos allinnich dochters,
inkeld soannen soe Aigyptos sjen.

Danaos liet daliks witte:
‘Al myn dochters bliuwe frij
fan in houlik mei dyn soannen,
’t brulloftsfeest giet oan har noas foarby.’

Mar de soannen fan Aigyptos
holden as de storein oan,
dat de houliks waarden sletten,
neef mei nicht, in dochter mei in soan.

Danaos liet dat net sitte,
joech syn dochters elk in dolk;
stutsen waarden harren mannen
op Lynkeus nei, dy liet syn folk…

… witte dat de Danaïden
stjerre soene, ek massaal,
neffens fyftich wrekers wetten
spriek er as syn omke ek dy taal.

Yn de ûnderwrâld trochskeppe
sûnder dat it fet fol waard,
diene fyftich drokke dochters,
’t wie de straf foar harren fûle haat.

* John William Waterhouse (1849-1917)
Skilderij ‘De Danaïden’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum