oktober 5, 2025

fan ûnbekend*
Nasjonalist of kommunist,
dêrtusken gie de striid yn Sina:
skilderje de naasje yn de bloei,
bring rûnom oan in gouden list
of… kleurje de kommune read,
de proletariër beslist.
Lit Tjiang syn nasjonale gong
mar gean yn it belang fan Sina
mei it each op hiel it jier troch bloei;
lit Mao rinne troch it lân,
gjin leger dy’t syn opmars keart,
want proletarysk is syn song.
Nasjonalist of kommunist,
de kommunist sloech ta yn Sina
útsein yn Taiwan yn folle bloei
mei dêr omhinne wer dy list,
mar yn it westen oeral read,
de driging fan it lilke bist.
Yllustraasje ‘Sineeske draak’
oktober 1, 2025

Sjedêr wat oerbliuwt nei de stoarm
dy’t oer it weagjend wetter raasde:
skom te licht om lang te bliuwen.
De wrâld oer klonk in skril alarm
fanwege machten dy’t rûch raasden,
ûnder lammen wreed as liuwen.
De stoarm sloech weagen op ’t basalt
yn stikken, machtich hoe’t se skommen:
Fredesdowen? Skrille miuwen!
De stilte falt nei al ’t gebalt,
it skom ferwaait, de macht ferstommet,
tiid om fredeswyn te priuwen.